ONS Snits ferliest

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits hat mei 6-3 syn lêste kompetysjewedstriid ferlern fan HHC Hardenberg. ONS wie al kampioen en spilet no om it kampioenskip fan Nederlân tsjin de Rijnsburgse Boys en de IJsselmeervogels.
Harkemase Boys wûn mei 5-0 fan DOS Kampen. Drachtster Boys spile 1-1 lyk tsjin Go Ahead Kampen. Drachtster Boys spilet folgjend seizoen yn de earste klasse.