51 nije banen nei banemerk

05 nov 2009 - 14:05
  • De banemerk fan oktober hat 51 minsken oan it wurk holpen

De banemerk dy't yn oktober holden waard yn it WTC Expo yn Ljouwert, hat oant no ta 51 konkrete banen opsmiten. It giet om 17 minsken mei in WW-útkearing en 34 mei in WWB, in Wet-, Werk en Bijstand-útkearing. De ferwachting is dat de kommende tiid noch mear minsken in baan fine.

Op de banemerk kamen hast trijetûzen besikers ôf. De 80 dielnimmende bedriuwen hiene 400 fakatueres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)