50'ers krije ûnferwachts poppe

19 apr 2001 - 00:00

'Net te leauwen, der is in wûnder bard'. De 51-jierrige Klaas Kuiken en syn frou Marjela (48) kinne der noch net by. It echtpear krige tiisdei folslein ûnferwachts in lytsenien.

Frou Kuiken miende dat se al twa jier yn 'e oergong wie. Doe't se kramp krige, soe dat fan it Peaskemiel komme. De Kuikens hawwe al twa bern fan 27 en 24 jier. De lytse hyt fan Maike Jildou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)