50e Caravana útferkocht

23 des 2009 - 19:02
  • In ympresje fan de Caravana 2009

De 50e kampearbeurs Caravana is no al útferkocht. Der hawwe har al mear as 350 standhâlders opjûn en der steane sels standhâlders op de wachtlist. Kampearfakânsjes binne sûnt de resesje hiel populêr. Minsken ynvestearje hieltyd mear yn in tinte as yn djoere fleanfakânsjes.

De grutte belangstelling betsjut ek in stikje erkenning foar de beurs. Op de beurs is dit jier ek in ekspoysje fan oldtimers te sjen mei kampers en karavans út de jierren 50, 60 en 70.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)