Skier yn finale 'Mooiste Plekje'

© Omrop Fryslân
Foar Skiermûntseach is it in spannend wykein. It eilân docht mei oan de wedstriid 'Het mooiste plekje van Nederland'. Sneontejûn is de finale fan it programma te sjen by de NCRV op Nederlân 1.
Der binne noch in tal gebieten yn Nederlân yn de race. It eilân Skiermûntseach heart by de kânshawwers. Ambassadeur Sytze Schut fan Skiermûntseach tinkt in grutte kâns te meitsjen.