Achterfolging op it wetter

13 maaie 2006 - 17:04

De plysje hat freed in skoft achter in man yn in boat oansitten, omdat dy te hurd fear. De plysjeminsken krigen de man op de Pikmar yn de gaten, doe't se dêr oan it surveillearjen wiene. Doe't se nei him ta gongen, naaide er gau út.

De achterfolging gong fia it Prinses Margrietkanaal, de Rengerspôle en Burgum nei Ljouwert. Op de Harnzertrekwei krige de plysje de man úteinlik te pakken. Doe die ek bliken dat de man te folle drank op hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)