Man oerfallen yn Ljouwert

13 maaie 2006 - 17:01

In 51-jierrige ynwenner fan Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon op de Van Loonstrjitte yn de stêd oerfallen. De man wie op de fyts en waard troch twa oare fytsers klemriden.

Under bedriging fan in mes waard er twongen om syn beurs oer te jaan. De oerfallers binne fia de Breitnerstrjitte útnaaid. De plysje hat de omjouwing ôfsocht, mar koe de fertochten net fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)