CNV bliid mei behâld Fortis ASR

13 maaie 2006 - 16:41

Fakbûn CNV Dienstenbond is bliid mei it beslút dat Fortis ASR yn Wâldsein bestean bliuwt. It giet om it eardere Woudsend Verzekeringen. Under it personiel wie de lêste tiid in soad ûnrêst oer in mooglike sluting mei yngong fan 1 jannewaris.

CNV hat him der mei it personiel bot foar ynset om de Fortis-festiging yn Wâldsein iepen te hâlden. Neffens it CNV ha de arguminten dy't sy jûn ha tsjin sluting, meispile by it beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)