V.d. Duim wint futuretoernoai

13 maaie 2006 - 14:56

Tennisser Antal van der Duim fan Finkegea hat freed syn twadde proftitel yn it dûbelspul wûn. Yn it Spaanske futuretoernoai fan Lleida wûn Van der Duim mei partner Igor Sijsling de finale.

Dy finale gong tsjin it koppel Carlos Rexach en Hector Cadenas. De útslach wie 6-2 en 7-6. Earder dit jier wûn Van der Duim mei Jesse Huta Galung in futuretoernoai yn Sina.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)