Twa nije spilers foar Cambuur

13 maaie 2006 - 12:21

Cambuur hat twa nije spilers oanlutsen foar it folgjende seizoen. It giet om ferdigener Adnan Barakat fan Eindhoven en spits Jeroen Ketting fan Volendam. Barakat is in talintfolle linkerferdigener en is 23 jier. Hy hat ek 3 jier ûnder kontrakt stien by NAC.

Jeroen Ketting is spits en is 25 jier. Hy hat spile foar AZ, Haarlem en Volendam. Yn 112 kompetysjewedstriden makke Ketting 39 doelpunten. Beide spilers binne transferfrij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)