Seis Friezen yn Olympia's Tour

12 maaie 2006 - 17:19

Oan de 54e edysje fan Olympia's Tour, dy't sneon mei in prolooch yn Noordwijkerhout begjint, dogge seis Friezen mei. Dat binne Marcel Beima, Wim Stroetinga, Eelke van der Wal, Folkert de Haan, Sierk Jan de Haan en Sipke Zijlstra.

De hurdfytsers dogge tiisdei Fryslân oan. Dan giet de tredde etappe fan Heerhugowaard nei Surhústerfean. In dei letter is de rit Surhústerfean- Hardenberg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)