700 Nammen foar nije treinen

12 maaie 2006 - 17:09

Abe Lenstra en Ede Staal, dat binne de twa populêrste nammen foar de nije treinstellen fan ferfiersbedriuw Arriva. Goed 700 nammen hat Arriva krigen fan reizgers. Sy ha meidien oan in wedstriid om nammen te betinken foar de 43 nije treinen dy't it bedriuw kocht hat.

Op elke trein komt in namme fan in bekende Fries of Grinslanner. In sjuery sil úteinlik bepale hokker nammen der yndie op de treinen komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)