SNN-jild foar farrûtes Nijefurd

© Omrop Fryslân
De farrûtes yn de gemeente Nijefurd wurde foar goed in miljoen euro opknapt. It SNN, it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, stelt it jild beskikber út de saneamde kompasmiddelen.
De brêgen yn it gebiet wurde ferhege en de foarsjennings om oan te lizzen en te ferbliuwen wurde ferbettere. Der komt ek in nije passantehaven. Der moatte sa mear wettersporters en toeristen nei it gebiet lutsen wurde.