Obe út Mullum net yn kwisfinale

12 maaie 2006 - 16:16

De 13-jierrige Obe Alkema mei dochs net meidwaan oan de finale fan de Achmea-kenniskwis. Dat is de útkomst fan in rjochtssaak dy't freed tsjinne yn Amsterdam. Obe út Mullum hie ynearsten wûn foar Fryslân, mar letter kaam Jordy fan De Harkema yn syn plak.

Dy hie no mear punten, om't de sjuery in antwurd dat earst fout rekkene waard, no dochs goedrekkene. Obe woe perfoarst meidwaan en dêrom spanden syn âlden in rjochtssaak oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)