Nij restaurant yn V&D Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de V&D-festiging yn Ljouwert wurdt foar goed trije miljoen euro ynvestearre. De direksje wol dêrmei no alfêst ynspylje op de plannen foar in nij Saailân. Dit wykein krijt de winkel nije roltreppen. In hiele operaasje wêrby't twa grutte etalaazjeruten fuorthelle wurde.
Grutste feroaring lykwols is de ferbouwing fan it nije restaurant. Dêr is no plak foar 20 ekstra wurknimmers. Freed wie de offisjele iepening.