Film Sportman foar heal jild

12 maaie 2006 - 15:02

De bioskoop yn Dokkum jout twa kaartsjes foar de priis fan ien foar de Fryske film 'Sportman fan de ieu'. De film lûkt ek yn Dokkum net in soad minsken.

Jippe Visser fan de bioskoop yn Dokkum fynt dat de film noch ien kâns fertsjinnet. Dizze aksje moat besikers oer de streep lûke om de film sjen te gean. Der moatte wol sa'n 200 minsken op de aksje ôfkomme, oars hat it echt de lêste wike west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)