Bedriging yn Ljouwert

12 maaie 2006 - 11:48

In 24-jierrige Ljouwerter is yn de nacht nei freed yn syn wenplak mei in mes bedrige. It slachtoffer rûn nei it Waachplein om jild te pinnen. Eefkes letter pakte in man him fan achteren beet en sette in mes op de kiel fan de Ljouwerter.

Dy joech syn beurs oan de oerfaller. De fertochte naaide dêrnei hurd út op in fyts. De plysje hat mei it slachtoffer noch nei de fertochte socht, mar koe him net fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)