Brân yn wenbuorkerij Hichtum
Yn it wengedielte fan in wenbuorkerij yn Hichtum hat tongersdeitejûn brân west. De brânwacht fan Wytmarsum krige de melding binnen en hat by oankomst de help fan de brânwacht fan Boalsert ynroppen.
It gong om in middelbrân. De bewenners wiene op it momint fan útbrekken fan de brân net thús en der wie ek gjin fee yn de buorkerij.