H'fean: gjin reklameguod útdiele

12 maaie 2006 - 10:08

De gemeente It Hearrenfean wol it útdielen fan reklameguod by sportwedstriden ferbiede. De direksje fan Thialf hat hjir om frege. Neffens de gemeente soarget it útdielen fan reklameguod foar problemen mei reklamekontrakten én in soad troep.

Fabrikanten tinke dat it útdielen fan bygelyks mûtsen hiel wat oars is as it fersprieden fan folders. As der in ferbod komt dan sil dat ek jilde foar it sintrum en by it fuotbalstadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)