Topdrokte yn Fryske jachthavens

12 maaie 2006 - 06:08

Topdrokte op 't stuit yn de Fryske jachthavens. In soad minsken wolle fanwege it moaie waar harren boat it wetter yn ha. Yn de jachthaven fan Warten bygelyks tusken de 15 en de 20 boaten deis.

Dermei is it drokker as ferline jier om dizze tiid. Dat soe fral te krijen hawwe mei it minne waar yn it foarseisoen. Minsken haw dêrom lang wachte mei it klear meitsjen fan harren boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)