45-plussers te lang wurkleas

© Omrop Fryslân
It projekt fan de provinsje Fryslân om wurkleaze 45-plussers oan in baan te helpen, smyt nei 2 jier noch amper wat op. Foar in soad 45-plussers betsjut ûntslach dat sy nea wer oan de slach komme sille. Lanlik stean der by de ferskate CWI's 236 tûzen wurksykjenden fan 45 jier en âlder ynskreaun.
Yn de hope de hâlding fan de wurkjouwers definityf te feroarjen, wurdt der yn septimber yn Fryslân in konferinsje holden oer dit probleem.