Meteoor en Hellas fusearje

11 maaie 2006 - 18:11

De hânbalferienings Meteoor en Hellas'57 út Ljouwert fusearje. De nije club krijt de namme hv Cometas. Dat stiet foar COMbinatie mETeoor hellAS. Cometas wurdt mei 150 leden de grutste hânbalclub fan Fryslân.

Hellas en Meteoor wurken al gear yn it projekt Leeuwarden Handbalstad. De earste teams komme tegearre út yn de ôfdielings earste klasse. Cometas wol de kommende jierren fia de regioklasse nei de haadklasse promovearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)