Provinsje-amtners noch gjin frij

© Omrop Fryslân
It is noch net bekend oft ek amtners fan it provinsjehûs yn Ljouwert in snipperdei fergees krije at se ein maaie mei dogge oan in demonstraasje foar de Suderseeline.
De provinsje-amtners fan Grinslân krije op 23 maaie wol frij at se yn Den Haach demonstraasje tsjin it kabinetsbeslút de Suderseeline te skrassen. De demonstraasje is in ynisjatyf fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.