Nij boek oer de trije Fryslannen

© Omrop Fryslân
By it Noardfrysk Ynstitút yn Bräist is krekt in boek ferskynd, dat yn byld en tekst ús Fryslân en Ostfriesland en Nordfriesland yn Dútslân foarstelt. It boek jout ynformaasje oer taal, skiednis en kultuer en befettet in soad foto's. It is foar it earst yn langere tiid dat in boek ferskynt dat de trije Fryslannen omfiemet.
De tekst oer ús Fryslân is fan 'e hân fan Piet Hemminga fan 'e Fryske Akademy.