Keatsbûn feroaret regels net

11 maaie 2006 - 16:54

It keatsbûn feroaret de nije regels dy't by it begjin fan dit seizoen ynfierd binne net. Tongersdei hie it haadbestjoer oerlis mei de spilersrie fan de keatsers. De spilers binne it net iens mei de ynfiering fan de nije regels.

Ien fan de regels hâldt yn dat de opslachfakken net mear besteane. Alle spilers moatte no opslaan fan ôf 31 meter. De spilers fine dat 31 meter te fier is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)