Foarstel earmoedfûns yn steaten

11 maaie 2006 - 11:20

Net de minsken dy 't yn earmoed libje, mar de organisaasjes dy 't dêr wat oan dwaan kinne moatte ekstra jild fan de provinsje krije. Dat fynt it CDA.

Direkte ynkommensstipe is gjin taak fan de provinsje, mar fan it ryk en de gemeenten. It CDA spruts har earder dit jier al út foar in provinsjaal earmoedfûns. Doetiids waard in bedrach fan ien miljoen euro neamt foar dat fûns. It foarstel komt op 14 juny yn de provinsjale steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)