Nijbou Fonteinslanden Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn de wyk Fonteinslanden yn Dokkum wurde noch dit jier 96 hierhûzen sloopt. Dêr komme nije wenningen foar yn it plak. De gemeente Dongeradiel stekt 80 tûzen euro yn de plannen.
In spesjaal team sil de nijbouplannen fierder útwurkje. Yn dat team sitte de bewenners, hierdersferiening Dongeradiel, de wenningkorporaasje en de gemeente. Der komt ek noch in ûndersyk nei de boaiem yn de wyk, omdat der earder fersakkingen west ha.