Mercuriusfontein nei Beursplein

© Omrop Fryslân
At it Saailân yn Ljouwert oer de kop helle wurdt foar it nije Frysk Museum moat de Mercuriusfontein nei it Beursplein. B & W fine it Beursplein de bêste alternative lokaasje.
Op 24 maaie stimt Ljouwert oer it Saailân en wurdt dúdlik oft de fontein ferhúzje moat. Ek as it museum der net komt, wol wethâlder Waanders de fontein ferhúzje. In fotomontaazje oertsjûge har derfan dat de fontein by de bibliotheek moai stean sil.