Germaanske paadwizer fûn

11 maaie 2006 - 09:29

By de Aldehou yn Ljouwert is woansdeitemoarn in Germaanske swerfstien fûn. Nei alle gedachten giet in om in paadwizer. Op de stien fan in heale meter trochsnee stiet de letter Z. Wat dat krekt betsjut, witte de argeologen net.

Sa'n paadwizer is net earder fûn. De swerfstien is fûn by de bou fan de parkeerkelder by de Aldehou. In argeolooch fan it Frysk Museum betwivelet oft de stien echt âld is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)