Pont Akkrum-Vegelinsoard werom

© Omrop Fryslân
Nei 35 jier fart sûnt woansdei it pontsje tusken Akkrum en Vegelinsoard wer. It pontsje hat sa lang net yn de feart west omdat it sonken wie. Doedestiids seagen de skippers der gjin heil yn om it op te knappen.
De ferbining stamt út 'e tiid fan Napoleon en heart sûnt 1910 by de pleats fan de famyle Van Keipema. Dy eksploitearret it pontsje mei de gemeente Skarsterlân. Dit jier wurde der 10.000 fytsers ferwachte.