Húsdokters yn saken
De Fryske húsdokters wolle de sakelike striid oan mei sikehuzen en privekliniken. Se rjochtsje in bedriuw op dat de soarch foar diabetisi regelje sil.
De ûndernimming sil ek mei soarchfersekerders ûnderhannelje oer de priis. Fierder docht it bedriuw alle administrative rompslomp dy te krijen hat mei dizze pasjinten. De 350 húsdokters dy't Fryslân telt kinne oandielhâlder wurde.