Ruterskertier earder opknapt
It Ruterskertier yn Ljouwert wurdt earder oanpakt. Al dit jier wol de gemeente Ljouwert begjinne mei it fernijen fan de rioelearing, sadat oanslutend de werynrjochting gau los kin. Dat wurk stie foar takom jier op de planning.
De werynrjochting sil in miljoen euro kostje. Der wurdt al jierren praat oer it opknappen fan de 'rotte kies' fan de Ljouwerter binnenstêd.