Grutte skippen net op kanaal

© Omrop Fryslân
Der is gjin plak foar gruttere binnenfeartskippen op it Van Harinxmakanaal. Provinsjale Steaten woene dat mooglik meitsje, mar it is te djoer. Omt der omliedings komme moatte by Ljouwert en Frjentsjer, komme de kosten út op mear as 500 miljoen euro.
De farwei wurdt no geskikt makke foar de gruttere skippen. De brêgen moatte dêrfoar oanpast wurde. Dat kostet 50 oant 100 miljoen euro.