Jild oer yn Opsterlân

10 maaie 2006 - 17:46

De gemeente Opsterlân hat yn 2006 goed 2,4 miljoen euro oerhâlden. In grut part fan de winst komt troch de ferkeap fan in protte bougrûn.

Boargemaster en wethâlders wolle in part fan it jild ynvestearje yn it projekt Breedtesport en yn it oan it wurk krijen fan minsken dy't yn de bystân sitte. Ek foar de oanlis fan de rûnwei om de Gordyk hinne moat jild beskikber wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)