Famke (6) ûnder auto yn Ljouwert

10 maaie 2006 - 17:42

In famke fan seis út Ljouwert is tiisdeitejûn yn de Molenstrjitte yn har wenplak ferwûne rekke by in oanriding. It famke stuts de strjitte oer en seach dêrby in auto oer de holle. De bestjoerder hat noch goed remme, mar koe in oanriding net foarkomme.

It famke is licht ferwûne oan de holle. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)