Ree lûkt mei hokkelingen op

© Omrop Fryslân
By Fryske Peallen docht him in apart ferskynsel yn it diereryk foar. In ree hat him by in keppel hokkelingen oansluten. It bist lûkt mei de jonge kij op en stiet tusken harren gers te fretten. Dêr't de hokkelingen sliepe, lei de ree ek.
Foar minsken dy't de nuveraardige freonskip sjen wolle: de bisten rinne yn in stik lân oan de Boskdobbe. Mooglik dat de ree út it boskje dêr deunby oansluting krige mei de kij.