'Undersyk nei CPS Color nedich'

© Omrop Fryslân
Der moat in ûndersyk komme nei it fervefabryk CPS Color yn Snits. Dat fine fakbûn FNV-bondgenoten en de ûndernimmingsried.
Ferline wike makke it eardere Flexafabryk bekend dat it mei yngong fan 1 oktober ticht giet. De produksje giet nei de festiging yn Sittard, want dat is effisjinter. Neffens FNV-bestjoerder Dick de Valk makket it bedriuw yn Snits noch altyd winst en is sluting net nedich.