Films foar Friesland Vaart

© Omrop Fryslân
Fjouwer talintfolle jonge filmmakker wurkje op dit stuit oan in eigen koarte film foar Friesland Vaart. Se folgje ûnder oare in ielfisker, in timmerman en in man dy't it hiele jier yn bûtenwetter swimt. Spesjaal foar it evenemint binne se út in gruttere groep selektearre foar in film ynspirearre op it Fryske wetter.
De films binne oan de rûte te sjen op in grut skerm op in frachtwein. Pieter Verhoeff helpt de filmmakkers.