Unsjoch Amicitia krijt facelift

09 maaie 2006 - 17:15

De flat op de kop fan de Wurdumerdyk yn Ljouwert wurdt foar 15 miljoen euro ferboud. Arsjitekt Jo Coenen hat it ûntwerp makke. Op it plak stie earder hotel Amicitia. It gebou wurdt ferhege en de ûnderste ferdjippingen wurde grutter mei mear romte foar winkels. No sit dêr fytsesaak Halfords. Boppe de winkels komme apparteminten.

De earste reaksje fan de kommisje wie posityf. Eigner Riedstra kin no trochgean mei syn ferbouplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)