Treintsje op It Amelân

© Omrop Fryslân
It Amelân krijt der meikoarten in nije toeristyske attraksje by. Op it eilân sil nammentlik in trein omride. It is gjin echte trein op rails, mar ien op tsjellen. It foertúch liket op in âlde lokomotyf, mei twa wagontsjes derachter. Badgasten kinne harren sa noflik ferfiere litte oer it eilân.
De trein is gjin konkurrinsje mei it besteande iepenbier ferfier. Cor de Boer fan Cosi Taxi hat de trein yn Dútslân kocht en oerkomme litten.