Spul by Patrimonium Wenjen

09 maaie 2006 - 16:04

De ried fan kommissarissen fan Wenningboustifting Patrimonium yn Broeksterwâld moat opstappe nei it ûnrjochtmjittige ûntslach fan de direkteur. Dat easket it CNV. De direkteur is nei in sykte ûntslein en ferfongen troch ien fan de kommissarissen. It personiel stiet lykwols achter de direkteur.

De rjochter hat al bepaald dat de direkteur in flinke finansjele fergoeding hawwe moat fan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)