'Akkoart Noarden en Den Haach'

09 maaie 2006 - 12:13

Der moat yn it nije regearakkoart in deal sluten wurde tusken it Noarden en Den Haach. Dat sei VVD-pommerant Mark Rutte moandei op in VVD-gearkomste yn Ljouwert.

Rutte wol mei fertsjinwurdigers fan de trije noardlike provinsjes prate. Hy wol besjen wat nedich is om de ekonomy op itselde peil te krijen as de rest fan it lân. Dêr moatte dan ôfspraken oer makke wurde en as der mear jild komme moat, dan set er him dêrfoar yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)