Ried: minder dramme oer Frysk

09 maaie 2006 - 12:13

De Ynterfryske Rie wol minder drammerich omgean mei it brûken fan de Fryske taal. Dat stiet yn it manifest dat snein fêststeld is op de Noardseekonferinsje yn it Dútske Leck.

Neffens de Rie is it better om mei-elkoar te praten oer it brûken fan it Frysk yn stee fan de konfrontaasje oan te gean. It nije manifest ferfangt it manifest dat 50 jier lyn ûndertekene waard troch Noard- en East-Fryslân en ús provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)