Ferkrêfting by Piratefestival

© Omrop Fryslân
In famke út Fryske Peallen hat oanjefte dien fan ferkrêfting by it Piratefestival. Dat wie op freed 21 april op in terrein tusken Surhústerfean en Mearum. De plysje yn Grinslân ûndersiket de saak.
De festivalorganisaasje hat al byld- en fotomateriaal ôfstien. Der binne ferskate minsken heard. Der is lykwols noch gjin fertochte yn byld. De plysje wol gjin ynformaasje jaan oer it famke.