Heale bekerfinale nei 16 maaie

© Omrop Fryslân
De heale finale om de Noardlike amateurfuotbalbeker tusken Harkemase Boys en Appingedam wurdt spile op tiisdei 16 maaie om acht oere op sportpark De Bosk yn 'e Harkema. De wedstriid soe earst no woansdei wêze.
It duel is útsteld omdat Anton Jongsma fan de Boys dan fuotbalje moat mei it Nederlânsk amateurteam. It útstel komt Appingedam ek better út, omdat dy klub noch striidt foar liifsbehâld yn de sneins haadklasse.