Ljouwerter frou driget mei mes

09 maaie 2006 - 10:37

De plysje yn Ljouwert hat in ûndersyk ynsteld nei meldings oer in frou dy't snein minsken bedrige hawwe soe mei in mes. Op oanwizing fan tsjûgen waard de frou, in 27-jierrige ynwenster fan Ljouwert, oanhâlden. Se hie in mes by har, mar ûntkende de bedriging. De frou waard nei in oere wer frijlitten.

Dêrnei kaam der wer in melding dat twa froulju sjoen hiene dat de frou mei in mes achter in jonge oan siet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)