Ferwûne by brân Ljouwert

09 maaie 2006 - 10:30

In bewenner fan de 4e Saskiadwarsstraat yn Ljouwert is moandeitemoarn oerbrocht nei it sikehûs fanwege in brân yn syn hûs. De man hie tefolle reek binnenkrigen. De brân ûntstie oan de ein fan de moarn op de ûnderferdjipping fan it hús.

De plysje hie it fjoer yn in kertier ûnder kontrôle. Der hat fierder gjin gefaar west foar de omwenners, neffens de brânwacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)