Bert Nijboer wethâlder Schagen

09 maaie 2006 - 10:24

Bert Nijboer wurdt nei acht jier wethâlder west te hawwen yn de gemeente Tytsjerksteradiel, wethâlder yn it Noard-Hollânske Schagen. It CDA-lid is dêr sûnt koart aktyf as dieltiidwethâlder.

Nijboer hie ôfskied nommen as bestjoerder fan Tytsjerksteradiel omdat er mear oandacht jaan woe oan syn eigen bedriuw, advysburo Nijboer Training & Advies. Mar dat sil er no kombinearje mei de nije wethâlderspost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)