Stekpartij yn Ljouwert
By de supermerk fan Super de Boer by de parkeargaraazje Hoeksterein yn Ljouwert hat moandeitemiddei in stekpartij west. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke, nei alle gedachten oan syn earm. In ambulânse is oproppen om help te ferlienen en ek de plysje wie manmachtich oanwêzich.
In stik dyk foar de winkel is ôfsetten mei linten. De plysje hat oant no ta twa minsken oanhâlden.