Akwadukt yn oanbou ynstoart

08 maaie 2006 - 13:42

In part fan de daamwand fan it akwadukt yn oanbou ûnder de Jeltesleat by De Hommerts is dit wykein ynsakke. Dêrtroch is de put fol wetter rûn. Neffens de projektlieder is ûnderyn de daam in skuor ûntstien yn it stiel.

Om foar te kommen dat der mear skea ûntstean soe, is ek de bouput op de fêste wâl fol wetter set. De oannimmer hat de saak stabilisearre. De wurksumheden rinne troch dizze tsjinfaller flinke fertraging op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)